Hurdrider pakt by Boalsert

17 jun 2013 - 10:04

In Noard-Hollanner is snein syn rydbewiis kwytrekke fanwege fierste hurd riden. De plysje konstatearre dat de man op de stedsrûnwei fan Snits 135 kilometer yn de oere ried. Dêr is 80 it maksimum.

De plysje sette de man op de Eksmoarrewei by Boalsert oan 'e kant. De 46-jierrige man út Sint Maarten kriget ek noch in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)