Treinen Arriva meast op tiid

De treinen fan Arriva ride knap op tiid. Dat docht bliken út de jierlikse sifers fan spoarbehearder ProRail. Fan 'e treinen yn it Noarden kaam yn 2011 hast 97 prosint op tiid oan. Op de Merwedelijn skoare de treinen fan Arriva ek in persintaazje fan 97 prosint.
Dêrmei bliuwt it ferfiersbedriuw mei it haadkantoar op It Hearrenfean konkurrinten in ein foar. Lanlik kaam 87 prosint fan de treinen op tiid oan.