Ferwûnen op motorcrossbaan

SAR © Omrop Fryslân
In jonge fan 14 jier út Menaam is snein ferwûne rekke by in motorcross yn Vledderveen yn Drinte. Hy die mei oan de cross en kaam yn botsing mei in 16-jierrige oare dielnimmer. Dy is swier ferwûne oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De jonge út Menaam rekke licht ferwûne. Hy is opnaam yn it sikehûs yn Stadskanaal.
De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.