Applewinkel Snits giet ticht

17 jun 2013 - 09:44
  • It ynterieur fan in iCentre-winkel

De fêstiging fan Applewinkel iCentre yn Snits giet ticht. Dat hat it personiel moandei te hearren krigen. De oare twa fêstigings yn Fryslân, yn Ljouwert en op It Hearrenfean, bliuwe iepen.

De sluting is it gefolch fan in oername fan de winkels troch Basgroup, neidat de eardere eigener finansjele problemen krigen hie. Mei-elkoar binne der 34 iCentres yn Nederlân. It personiel fan al dy fêstigings moat no sollisitearje nei de oerbleaune banen. It salaris oer juny wurdt letter útbetelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)