Ferset tsjin sâltwinning

Seehûn yn Waadsee (argyffoto) © ANP
Natuerleafhawwers keare har tsjin sâltwinning ûnder de Waadsee. Dat docht bliken út in peiling fan Natuurmonumenten ûnder goed tûzen minsken út de achterban. As fûgels en it libben yn de waadboaiem risiko rinne, fynt 92 persint dat Natuurmonumenten in tsjinlûd hearre litte moat. Frisia Zout wol sâlt winne by it eilantsje Gryn, tusken Skylge en Harns. Steatssekretaris Dijksma hat oanjûn dat der earst fierder ûndersyk komme moat nei de gefolgen, foardat de oerheid in fergunning ferlient.