Bergsma út seleksje setten

17 jun 2013 - 06:28
  • Jorrit Bergsma is nasjonaal kampioen op de 10 kilometer

Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is foar straf út de foarriedige Olympyske seleksje foar de ploege-achterfolging fan de Nederlânske ploech setten. De BAM-rider kaam freed en sneon net opdaagjen by in trainingskamp fan Team Nederland op Flylân. Bûnscoach Arie Koops fan Team Nederland seit dat er net oars koe. Neffens him is in trainingskamp ûnmisber yn de tarieding op de Spelen. Trainer Jillert Annema fan Jorrit Bergsma seit dat se har yn maaie ôfmelden ha foar it trainingskamp. Neffens him paste it net yn it skema fan Bergsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)