Van der Bos wint Sint Jabik

It frije formaasjehaadklassekeatsen foar manlju yn Sint Jabik is snein wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Se wûnen de finale mei 5-3 en 6-0 fan Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma. Dit wie alwer de tredde oerwinning fan dit seizoen foar it partoer Van der Bos.
Gert-Anne van der Bos waard ek kening. De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra.