Boatûngelok by De Lemmer

De Lemmer © ANP
By De Lemmer is sneintemiddei in binnenfeartskip oer in rekreaasjeboat hinne fearn. Dat barde by de brêge fan de Prinses Margrietslûs. Neffens de plysje is der net ien ferwûne rekke en is der ek net ien yn te wetter rekke. Nei alle gedachten hat der net ien yn de boat sitten. Mooglik dat it boatsje losslein is. Helptsjinten rukten manmachtich út mar dat wie net nedich. It KLPD ûndersiket it ûngelok.