Oanhâlding foar mishanneling

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert in 56-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man wie in hoarekagelegenheid útsetten omdat er ferfelend wie. Doe't er bûten ferfelend bleau, warskôge it personiel de plysje. De man socht hjirop de konfrontaasje mei in oare besiker en sloech him yn it gesicht. De fertochte wie ûnder ynfloed fan alkohol. Underweis nei it plysjeburo misledige hy ek noch de plysjes. Hy sit noch fêst.