Alderen mei bern yn ien hûs

Fryslân hat de primeur mei de 'regisseurswente'. Spesjaal bedoeld foar âlderein dy't mei it gesin fan har bern yn itselde hûs wenje wolle, mar dan wol apart. De trije oannimmers Van Marrum fan Frjentsjer, Swart fan Eastermar en Postma fan Hantum hawwe it konsept betocht en tekenje litten troch arsjitekt Dorenbos. Dizze wize fan wenjen soe in soad problemen oplosse kinne, bygelyks dat fan de finânsjes en de berne-opfang. It giet om frijsteande wenten fan goed trije ton. De earste trije wurde yn Gytsjerk setten.