Jonge dielt klappen út

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneontenacht op de Noardkade yn Drachten in 17-jierrige jonge út dat plak oanholden foar mishanneling. De fertochte wie in hoarekasaak útsetten omdat hy him dêr ferfelend gedroech. Bûten op strjitte flibe er tsjin in fyts oan. Doe't in 18-jierrige ynwenner fan Beetstsersweach dêr wat fan sei, begûn de Drachtster te slaan. It slachtoffer krige ferskate klappen yn it gesicht.
De jonge is oanholden en fêstset op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.