Boargemaster Flylân mishannele

boargemaster Yorick Haan fan Flylân
Boargemaster Yorick Haan fan Flylân is freed op it eilân neffens de plysje mishannele troch in man. Reden fan it fysike geweld leit neffens de plysje yn de relasjonele sfear. De boargemaster hat fan it foarfal oanjefte dien by de plysje. De fertochte hat him letter sels melden by it plysjeburo en sit noch fêst. Yorick Haan sels ûntkent de mishanneling en seit dat hy allinnich bedrige is.