Iris Kroes nei finale TVOH

14 jan 2012 - 07:32

Iris Kroes út Drachten hat freedtejûn de finale helle fan it populêre RTL4-programma The Voice of Holland.

De 19-jierrige kommunikaasjestudinte, bekend fan har harp, wûn fan Sharon Doorson. Beide sjongeressen hawwe Marco Borsato as coach. De finale is nije wike freed.Iris Kroes en har âlders komme sneontejûn yn Hjoed op 'e tekst oer it súkses yn The Voice of Holland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)