Van der Meulen wint Olympiade

15 jun 2013 - 17:09

Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma hawwe by it keatsen de Fryske Olympiade op harren namme skreaun. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-0 fiersten te sterk foar Menno van Zwieten, Folkert van der Weij en Hans Wassenaar. Dit partoer skeakele yn de heale finale it favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger út. De tredde priis op de Olympiade wie foar it trio Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Piet Piersma.

By de froulju gie de oerwinning nei Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Ek sy hiene yn de finale in makje tsjin Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij: 5-0, 6-6. De tredde priis wie foar Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen.

Trefwurden: 
Fryske Olympiade keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)