'Greidefûgel net sterk genôch'

15 jun 2013 - 15:17

Der moat folle mear geskikt lân komme oars komt it net goed mei de greidefûgel. Ek moat de fergoeding foar de boeren omheech, sadat it foar boeren oantreklik wurdt om harren lân foar de fûgels yn te rjochtsjen. Dat seit Jelle de Boer fan Natuermonuminten. It is hjoed 15 juny en neffens de pachtkontrakten mei der dan meand wurde yn fûgellân. Mar de greidefûgels bin noch net sterk genôch. Dêrom ropt Natuermonuminten op om it meanen twa wiken út te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)