Bestjoerder oanriding socht

15 jun 2013 - 13:07

De plysje siket de bestjoerder fan in blauwe VW-bus dy't ôfrûne moandei 10 juny trochriden is nei in oanriding op de Ryksstrjitwei by Koatstertille. De bus mei in oanhinger derachter, ried yn de rjochting fan Twizel en luts ynienen nei de ferkearde kant fan de dyk en skampte dêrby in frachtwein. De bestelbus ried troch en de frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij. In tsjûge is noch achter de bus oanriden, mar ferlear him by de rotonde by Twizel út it each. De plysje freget eventuele tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)