Foppe: 'Veenstra moat fuort'

Direkteur Robert Veenstra en de ried fan kommissarissen fan Sportklup Hearrenfean moatte opstappe. Dat seit Foppe de Haan. De Haan stapt op as senior-coach by de klup. Hy is it net iens mei it fierde belied troch de direksje fan Hearrenfean. De Haan wol 'skjin skip' by de klup. Fan 1985 oant en mei 2004 wie Foppe de Haan yn tsjinst by Hearrenfean, dêrmei is hy de langst sittende trainer yn it betelle fuotbal. Sûnt 1 july wie De Haan by SC Hearrenfean yn tsjinst as senior-coach, yn dizze funksje begeliedt hy jeugdtrainers.