Man krijt hânfol bekeurings

Plysje-embleem © ANP
In 40-jierrige automobilist út Grins hat freedtejûn op de Woudsingel op It Hearrenfean in hânfol bekeurings krigen. De man waard oanhâlden omdat ien fan syn achterljochten it net die. Doe waard dúdlik dat de man tefolle dronken hie en ek gjin rydbewiis hie. Dêrneist krige hy ek noch in bekeuring foar it beledigjen fan de plysjes. Hy hat de nacht yn de sel trochtbrocht.