Schuil/Nummerdor útskeakele

14 jun 2013 - 20:58

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne freed útskeakele by it Grandslam toernoai yn Scheveningen. It Nederlânske duo ferlear yn de twadde ronde fan de Poalen Michal Kaziola en Jakub Szalankiewics mei 21-16, 12-21 en 9-15. Earder op de dei waard yn in saneamde 'tuskenronde' yn trije sets wûn fan it Spaanske duo Pablo Herrera en Adrian Gavira.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)