Jorritsma: "In gouden dei"

14 jun 2013 - 16:27

"It wie in bjusterbaarlik moaie dei", sa omskriuwt kommissaris fan de Kening John Jorritsma de besite fan it keningspear oan Fryslân. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima wiene freedtemoarn op toer troch ús provinsje. It pear fûn it in geweldich wolkom. De sfear wie itselde as wannear't se hjir privee binne, sei it keningspear nei ôfrin. De besite rûn sels in healoere út.

De kening en keninginne kamen om njoggen oere oan by it provinsjehûs yn Ljouwert. Dêrnei gie it selskip troch nei Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum.

Yn Akkrum wiene ferskate aktiviteiten te sjen yn it ramt fan de sêge Manke Meine en Kromme Knilles. Boppedat seach it pear de typyske Akkrumer sporten slingeraap en mêstklimmen. Op 'e Jouwer waarden kening Willem-Alexander en keninginne Máxima mei in koets troch de Midstrjitte riden. Underweis wie der muzyk, ruters en sjeazen. Yn Ealahuzen joech de skutterij fan Sleat in earesalút en op it skip De Beatrix waarden wettersportaktiviteiten organisearre foar minsken mei in ferstanlike of lichaamlike beheining. De besite oan Starum stie yn it ramt fan fiskerij en toerisme en it simmerkarnaval. Op de kade wiene muzykoptredens en de jeugd sylde yn de binnenhaven.

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne om healwei ienen ôfset út Starum wei. Se farden mei de boat nei Noard-Hollân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)