Henny van Duuren oernaam
It Ljouwerter bedriuw Henny van Duuren stoomtsjettels makket in trochstart. Dat hat de kurator freed bekend makke. It bedriuw waard okkerdeis fallyt ferklearre. Henny van Duuren wurdt oernaam troch Ketelonderhoud Jonker út Moerkapelle. Alle tweintich meiwurkers gean mei. De festiging yn Ljouwert bliuwt iepen, it is net dúdlik oft de namme Henny van Duuren bestean bliuwt.