Icedôme set koart pleit troch

Untwerp fan Icedôme
De inisjatyfnimmers fan Icedôme yn Almere sette it koart pleit tsjin de KNSB en NOC*NSF troch. Dat hat de wurdfierder fan boubedriuw BAM befêstige. BAM sei earder mei boubedriuw Van Wijnen Icedôme foar 183 miljoen euro bouwe te kinnen. BAM-wurdfierder Pronk seit dat it konsortsium fynt dat de KNSB en NOC*NSF de spulregels feroare hawwe en wol dat de rjochter him dêroer útsprekt. Almere klaimt de wedstriid om de topsportstatus wûn te hawwen.
De beoardielingskommisje fan KNSB en NOC*NSF fûn it Icedômeplan better as dy fan konkurrinten Zoetermeer en Thialf op It Hearrenfean. Wannear't it koart pleit tsjinnet, is noch ûnbekend. Nei alle gedachten oer in pear wike, seit wurdfierder Pronk.