Lêste warskôging hynstestront

14 jun 2013 - 13:57

Boargemaster en wethâlders fan Skiermûntseach hawwe harren nocht fan de hynstestront op it eilân. Fjouwer jier ferlyn is mei ûnder oare it eilanner huifkarbedriuw ôfpraat dat de stront opromme wurde moat. Ut in evaluaasje docht no bliken dat dat suver nea bart. Dat soarget foar in protte klachten fan ynwenners en badgasten.

De gemeente Skier warskôget no noch ien kear. As de oerlêst fan de hynstestront bliuwt, wurde hingpûden foar de hynders ferplichte foar de stront.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)