Juwelier yn Ljouwert oerfallen

14 jun 2013 - 11:50
  • De winkel fan de oerfallen juwelier op de stille kant fan de Nijstêd

In juwelier yn Ljouwert is freedtemoarn mei geweld oerfallen. Dêrby soe de eigener fan de saak oan de Nijstêd bedrige wêze mei in fjoerwapen. De plysje hat op ferskate plakken yn 'e stêd socht, mar de oerfallers noch net fûn.

De plysje is op syk nei twa mannen fan sa'n tweintich jier mei in ljochtbrune hûdskleur. Yn de Skoalstrjitte yn Ljouwert is in reade/oranje scooter oantroffen, dêr't de dieders mooglik op fuortflechten binne. De oerfallers hawwe ferskate sieraden meinaam. De eigener fan de saak is yn shock.

De earste dieder hie in ljochtblauwe broek, swarte jas en swarte skuon oan en hy is 1.80 meter. De twadde is lytser en wat grouwer, hie in swarte broek mei in logo op de kontbûse oan en in blauwe jas mei grize baan oer de earm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)