35 boeten by transportkontrôle

14 jun 2013 - 10:39

De plysje hat tongersdei by in miljeu- en transportkontrôle op De Wiel yn Dunegea 35 boeten útdield. De plysje kontrolearre benammen ôffaltransporten en transporten fan gefaarlike stoffen. De measte bekeurings, seis yn totaal, waarden útskreaun fanwege oerbelading. Yn oare geallen gie it ûnder oare om gefaar foar ôffallende lading en fersliten bannen.

Mei-inoar waarden 75 foertugen kontrolearre yn gearwurking mei de Rijksdienst Wegverkeer, de Voedsel- en Warenautoriteit en de Belestingtsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)