Keningspear yn Akkrum

14 jun 2013 - 10:12
  • Willem-Alexander, Maxima, Akkrum
  • Kening Willem-Alexander krijt útlis
  • It keninklik pear yn Akkrum, mei kommentaar fan de bruorren Anker
  • Publyk yn Akkrum

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne mei in lytse fertraging oankaam yn Akkrum. Dêr sille se nei in koarte taspraak fan boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim oer de Tsjerkebleek kuierje. Dêr binne ferskate aktiviteiten te sjen yn it ramt fan de sêge Manke Meine en Kromme Knilles. Boppedat sille se de typyske Akkrumer sporten slingeraap en mêstklimmen sjen. Nei Akkrum gean se troch nei De Jouwer. Letter folgje noch Ealahuzen en Starum. Dêr stappe se om tolve oere op de boat nei Enkhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)