Fryske pompen nei Dútslân

13 jun 2013 - 19:02

Wetterbedriuw Van Heck út Noardwâlde sil yn Dútslân oan de slach om it hege wetter te bestriden. Tongersdei binne fjouwer grutte pompen op transport gien nei Schönebeck flakbij Maagdenburg. Yn de Dútske stêd oan de Elbe hawwe se al dagenlang lêst fan it hege wetter en in part fan de stêd is ûntromme.

Fan freed ôf wurde de pompen fan Van Heck ynsetten om Schönebeck sa gau mooglik wer wetterfrij te meitsjen. De pompen fan Van Heck kinne goed 7000 kubike meter yn it oere fuortpompe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)