Miljoen boeken yn WTC Expo

Yn it WTC Expo yn Ljouwert is tongersdei foar de tredde kear it Boekenfestijn úteinset. Op dizze boekebeurs wurde benammen restpartijen fan útjouwerijen te keap oanbean. Der sitte ek boeken by dy't in lyts bytsje skansearre binne, mar mei grutte koarting oanbean wurde. Mei-inoar lizze der wol in miljoen boeken op foarried. It giet om romans, mar ek om berneboeken, hobbyboeken, strips en non-fiksje.
It Boekenfestijn is in rûnreizgjend sirkus by 18 stêden yn Nederlân en België lâns. De beurs duorret yn Ljouwert oant en mei snein.