'Definsje kiest foar JSF'

Minister Hennis fan definsje kiest definityf foar de oankeap fan JSF-tastellen. Dat stiet yn de takomstfisy op de kriichsmacht fan Hennis, sa meldt RTL Nieuws. It is net dúdlik hoefolle JSF's kocht wurde. Dat hinget ôf fan de priis per tastel. It kabinet wol net mear as fjouwer miljard foar de tastellen útjaan. Dêr wurde dan twa squadrons fan kocht, ien yn Ljouwert, en ien yn Volkel. De oankeap fan de JSF's leit polityk gefoelich by koälysjepartij PvdA, ek omdat der praat wurdt oer ekstra besunigings.