Nij Moleplein komt der net

13 jun 2013 - 15:47
  • It Moleplein op It Hearrenfean
  • Fiskkream op Moleplein It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean hat besletten mei it nijbouplan op it Moleplein by it sintrum op te hâlden. Op it plein soe in parkeargaraazje komme mei dêrboppe twa supermerken. De gemeente woe dêrmei it sintrum fan It Hearrenfean fersterkje.

Fanwege de grutte finansjele problemen set de gemeente no in streek troch de plannen. It Moleplein smyt de gemeente no nammentlik 220.000 euro it jier op oan parkearopbringsten. Dat jild kin de gemeente net misse, seit wethâlder Siebinga.

De ûndernimmers op it Moleplein reagearje kritysk op it beslút fan b. en w. om it nijbouplan te skrassen. Fiskboek Klaver fan 'Het neusje van de zalm' sit yn in kreamke op it fertutearze Moleplein. Neffens him hat de gemeente te min each foar de belangen fan de lytse ûndernimmer. Mar dat de gemeente ôfsjocht fan in nije parkeargaraazje, dat begrypt er wol.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)