Oerlis oer ûnrêst SC H'fean

© awfoto.nl
It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean hat woansdeitejûn oerlis hân mei de ferûntrêste groep fan supporters, sponsors en persoanielsleden. Dy easke fan 't wykein dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de ûnrêst by de klup.
Oer de útkomst fan it petear wolle de belutsen partijen noch net in soad sizze. Wol is der ôfpraat dat der nije wike rappe en soarchfâldige ferfolchstappen set wurde sille.