Cambuur en Fortuna skoare net

13 jan 2012 - 21:56

SC Cambuur is yn de earste wedstriid nei de winterstop yn Limboarch net fierder kaam as in teloarstellende 0-0 tsjin Fortuna Sittard. Beide ploegen wiene oaninoar weage, mar krigen amper grutte kânsen. De Ljouwerters bliuwe tredde yn de Jupiler League mei 31 punten út 18 wedstriden.

Koprinner Zwolle komt snein yn aksje yn Rotterdam tsjin Sparta. Zwolle hat 44 út 17. Eindhoven spile 0-0 tsjin Helmond Sport en is twadde mei 35 út 18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)