Frou omkaam by ûngelok

By in ferkearsûngelok op de Ljouwerterdyk by Marrum is tongersdeitemoarn betiid in 32-jierrige automobiliste út Ferwert om it libben kaam. Se wie frontaal yn botsing kaam mei in 46-jierrige man út Wierum. Dy wie troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm telâne kaam en de macht oer it stjoer kwytrekke. Syn auto kaam dêrnei op de ferkearde weihelte en botste frontaal op de auto fan de frou út Ferwert.
De frou is yn it sikehûs stoarn oan har ferwûnings. De man is ek mei ferwûnings nei it sikehûs ta brocht.
De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear fanwege it ûngelok.