Oprop: net meane foar skries

Boere- en natuerbeskermingsorganisaasjes moatte sneon noch net meane! Dy oprop dogge de biologen fan de Universiteit Grins dy't al jierren ûndersyk dogge nei de skries. Se binne benaud dat as de meanmasines sneon it lân op gean, tal fan nêsten en jonge skriezen ferlern geane. De skries hat dit jier, troch it kâlde waar, let aaien lein. Dêrtroch rint alles achter. It soe dan ek better wêze neffens de biologen om it meanen twa wiken út te stellen. Op dy wize kin it noch in moai skriezejier wurde, sa sizze se.