Asylaksje: ikzoekeenbaas.nl

In nije lanlike webside moat de Fryske asilen helpe by de syktocht nei baaskes foar harren bisten. En dy baaskes binne hurd nedich, want der moat wer romte makke wurde foar de grutte oantallen nije bisten dy't dizze simmer ferwachte wurde. Alle jierren wer rinne de asilen fol mei benammen jonge katten. Ferline jier rûn dat sa bot út de hân dat der yn biste-asyl De Wissel yn Ljouwert ekstra romte makke wurde moast. Yn totaal sieten doe goed 220 katten yn it asyl. De site Ikzoekbaas.nl is in inisjatyf fan de Dierenbescherming Nederland.
De site is in soarte fan Marktplaats foar bisten werby't hiel krekt socht wurde kin op hokker bist jo ha wolle. Neist Ljouwert dogge ek de asilen fan Drachten en Snits mei.