322 squadron 70 jier âld

12 jun 2013 - 17:35
  • Besite fan oprjochter Prins Bernhard oan it squadron yn 1993.

It 322 squadron fan de fleanbasis Ljouwert bestiet woansdei op de kop ôf santich jier. It is it âldste noch fleanende squadron fan Nederlân en hat in romrofte skiednis. In stikje fan dy skiednis kaam woansdei werom: De alderearste maskotte fan it 322 squadron, pappegaai Polly Grey.

De skiednis begûn yn 1943 yn de Twadde Wrâldoarloch. Doe waard it squadron oprjochte troch Prins Bernhard om te helpen Ingelân te beskermjen. By it squadron bin se bliid dat de alderearste pappegaai werom is. De fûgel is fan grut belang foar de piloaten.

By de fiering fan it jubileum waard wiidweidich werom sjoen op de skiednis. De takomst fan squadron 322 is lykwols lang net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)