PC fiert 160e jierdei

Der komt in spesjaal programma om de PC fan dit jier hinne. It keatsevenemint yn Frjentsjer bestiet 160 jier en dêrom wol de organisaasje it wat oanklaaie. Sa sil der de jûns foar de PC in konsert op it Sjûkelân wêze mei de band Vangrail en ferskate trûbadoers. De jûns nei de PC is der in neipetear mei de keatsers yn de Koornbeurs.
Ek sille de tagongsdiken oanklaaid wurde mei billboards en sille de winkels allegearre in PC-tema krije. De PC wurdt dit jier ferspile op woansdei 31 july.