Oplichters oanhâlden

13 jan 2012 - 19:48

De plysje hat yn in ûndersyk nei oplichting in man fan 43 en in frou fan 40, beide út Ljouwert, oanhâlden. De twa hienen by grutte postoarderbedriuwen ferskate saken besteld. It guod, wêrûnder in protte elektroanika, waard op allerhanne plakken yn Fryslân besoarge, ûnder oaren yn in leechsteande wenning yn Hurdegaryp.

De rekkens waarden hieltyd net betelle, sadat twa bedriuwen tûzenen euro's misrûn binne. Yn de wenning fan de Ljouwerters waarden ek ferskate saken fûn, wêrûnder in kompjûter en speakers. It duo hat de oplichting tajûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)