Benzinepriis op rekôrhichte

© Omrop Fryslân
De benzineprizen berikten op freed de 13e jannewaris in hichtepunt. De advyspriis foar in liter benzine is oan de pomp 1,75 euro.
De hege prizen komme troch politike spanningen tusken Iran en it westen. Wat fierders ek meitelt is de legere koers fan de euro yn fergelyk mei de dollar. Boppedat is de aksyns op benzine omheechgien. Mei 73 sint de liter is de steatsbelesting op benzine yn Nederlân de heechste fan Europa.