Tijsma nei Wiskunde Olympiade

It Nederlânske team fan de Wiskunde Olympiade
De Ljouwerter gymnasiumlearling Djurre Tijsma is ien fan de seis Nederlânske dielnimmers oan de ynternasjonale Wiskunde Olympiade. Dy fynt heal july plak yn Kolombia. Nei twa seleksjetoetsen hawwe har seis learlingen pleatst foar it Nederlânsk team. Djurre Tijsma hat dit jier eineksamen dien oan kristlik gymnasium Beyers Naudé.
Foar de skoalle út Ljouwert is it al foar it twadde achterienfolgjende jier dat der in learling nei de ynternasjonale Wiskunde Olympiade mei. Ferline jier wûn Jetze Zoethout in gouden medalje yn Argentinië.