Wetterskip besuniget miljoenen

12 jun 2013 - 11:02

Wetterskip Fryslân besuniget oant en mei 2018 35 miljoen euro. Dit betsjut dat it wetterskip 10 miljoen euro goedkeaper wurkje moat. Dat hat it deistich bestjoer woansdei bekend makke. Om jild te besparjen, soe it tal gemalen en keardammen omleech moatte. Dêrfoar binne gruttere gebieten mei itselde wetterpeil nedich. Ek wurdt der as proef besjoen oft de skou net elts jier, mar ien kear yn de twa jier plafine kin.

Fierder wurdt it grienûnderhâld soberder útfierd en sil der minder baggere wurde. De eigen organisaasje moat ek goedkeaper.

Al it kantoarpersoniel ferhuzet nei it haadkantoar yn Ljouwert. It wetterskip giet fuort út Crystalic en de nijbou foar de technyske tsjinst giet foarearst net troch. Der moat noch foar fiif miljoen oan besunigings yn de eigen organisaasje fûn wurde. Ien en oar is nedich troch nije taken dy't it wetterskip krigen hat en ekstra ynvestearrings dy't nedich binne.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)