Himpplantaazje Sint Anne

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige man fan Tsjummearum is tiisdei oanhâlden yn in himpkwekerij oan de Wissel yn Sint Anne. De plysje hie in tip krigen dat yn de loads in kwekerij sitte soe. It gie om in kwekerij mei 300 planten. In grut part fan de planten wie al rispe.
De planten dy't der noch wol stiene en de apparatuer binne yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôftape. De man út Tsjummearum wie yn de loads oanwêzich doe't de plysje binnenfoel. Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.