Sel easke tsjin eks-Arisspiler

11 jun 2013 - 15:40

Tsjin in âld-spiler fan de Ljouwerter basketbalklup Aris is in selstraf fan seis moanne easke. De Amerikaan (28) hie yn jannewaris ferline jier yn Drachten in ynwenner (27) fan dat plak fan syn jild berôve. De Drachtster hie deselde jûns yn it Ljouwerter kasino in flink bedrach wûn. De Amerikaan, dy't gokferslaafd wie, hie dat sjoen en wie achter him oanriden.

Yn it sintrum pakte de basketballer de Drachtster by de nekke en makke er him it jild ôfhannich. Tsjûgen en kamerabylden wiisden al gau yn 'e rjochting fan de Amerikaan.

De man hat yntusken bekend. Hy is ûntslein by Aris en wennet no wer yn Amearika. De rjochter docht oer 14 dagen útspraak.

Trefwurden: 
Aris selstraf gokferslaafd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)