Ljouwert moaiste binnenstêd?

11 jun 2013 - 15:16
  • It stedhûs fan Ljouwert

Ljouwert is folút yn de race foar de titel fan moaiste binnenstêd. De sjuery fan de lanlike organisaasje hat yn april in besite oan de Fryske haadstêd brocht foar in foarseleksje. Neffens foarsitter Rob Lijzenga fan de Ljouwerter stjoergroep foar de ferkiezing wiene de sjueryleden optein oer wat de Ljouwerter binnenstêd te bieden hat.

Benammen it stedshûs en it nije Fries Museum makken yndruk. Yn septimber wurdt bekend oft Ljouwert him ek echt de moaiste binnenstêd fan ús lân neame mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)