Opnamen nije Omropsimmerhit

11 jun 2013 - 14:52

Tradisjoneel komt Omrop Fryslân ek dizze simmer wer mei in eigen simmerske plaat. It ferske 'De Simmerswing' is wer skreaun en komponearre troch omropmeiwurkers Jan Durk de Haan en Martijn Engbrenghof. De plaat is ynsongen troch ûnder oaren Denise Rivera, Bertrie Wierenga, John de Vries en de 11-jierrige Silke út Balk. Sy die dit jier mei oan de foarrondes fan it Junior Songfestival.

By de Omrop Fryslân-simmerhit heart fansels ek in klip. Ofrûne wykein wiene de opnamen yn de Prinsetún en yn in sportskoalle yn Ljouwert.

Begjin july giet de simmerhit en de klip yn premjêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)