'Gau beslút oer fear Skylge'

11 jun 2013 - 13:58
  • Steatssiktaris Wilma Mansveld fan ynfrastruktuer

Der moat gau in beslút naam wurde oer wa't de feartsjinst nei Skylge útbate mei. Dat wol steatssiktaris Mansveld fan ferfier. Se hat der by it College van Beroep voor het Bedrijfsleven op oantrune dat dy de saak gau beoardielet. Dat heechste rjochtsorgaan is ynskeakele om te besjen oft der terjochte in konsesje jûn is oan rederij Doeksen.

Neffens dy konsesje fan it Ryk hat Doeksen foar in perioade fan fyftjin jier allinnerjocht om op Skylge te farren. De Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, hat dêr beswier tsjin oantekene.

Salang't dy saak rint, mei de EVT ek op Skylge farre. Doeksen seit dat der sprake is fan ûnearlike konkurrinsje, omdat dy him oan ôfspraken mei it Ryk hâlde moat en de EVT net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)