Nij ûnderwiistype yn Drachten

11 jun 2013 - 12:45
  • Ien fan de lokalen fan The Next Generation

Yn Drachten komt in nije skoalle dy't oars wurket as it reguliere ûnderwiissysteem. It giet om in skoalle mei de namme The Next Generation. Op de skoalle is plak foar bern fan 10 oant 18 jier. It kinne bern wêze dy't net op in gewoane skoalle terjochte kinne omdat se gedrachsproblemen of dysleksy hawwe, mar ek bern sûnder problemen kinne nei de skoalle.

The Next Generation komt yn in gebou oan It Súd yn Drachten, tsjinoer in túnsintrum krekt bûten it plak. De dosinten krije begelieding foar it wurkjen mei bern mei problemen.

De skoalle wurdt finansierd troch ynvestearders en sponsoaren. Alden moatte skoaljild betelje, dat delkomt op sa'n 250 euro yn 'e moanne. Dêr wurdt dan wol alles fan betelle, en de bern kinne ek de hiele dei op skoalle bliuwe. Foar guon âlden is it mooglik om mei in pgb of fûnsen in part fan it skoaljild wer werom te krijen.

Mear ynformaasje is te finen op www.sico-thenextgeneration.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)