KNSB giet net yn op ultimatum

11 jun 2013 - 12:35

De KNSB is net yngien op it ultimatum dat it konsortium Icedôme Almere oan it reedridersbûn steld hat. Dat ultimatum rûn tiisdei om 12.00 oere ôf. De Flevolanners woene op syn lêst om dy tiid sekerheid hawwe oer de topsportstatus foar Icedôme.

Foar dy status binne njonken Icedôme ek Thialf op It Hearrenfean en Zoetermeer yn de race. De KNSB sil hjiroer pas yn augustus in definityf beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)