Duorsume taskes 'rôversguod'

Deputearre Sytske Poepjes hat freed op de Nijstêd yn Ljouwert studinten holpen mei it útdielen fan tûzen miljeufreonlike tassen. Winkeljend publyk koe de eigen plestik pûde ynleverje en dêr in duorsum taske út Yndia foar yn plak krije.
De aksje fan de studinten hjit Upgrade en hy wurdt yn mear stêden dien as ûnderdiel fan de milleniumdoelen foar miljeu. It giet om koarte, effektive aksjes. De provinsje is optein oer it inisjatyf fan 'e studinten.
De aksje wie mei in heal oere beslikke. Doe wiene alle tûzen tassen weijûn. Poepjes wie de duorsume tassen gauwer kwyt as struibriefkes foar it CDA, sa sei se sels. De tassen binne makke fan stevich, dof papier en komme út Yndia. Se binne ymportearre troch kultureel-antrolooch en Yndiaspesjalist Bauke van der Pol út Boalsert. De merkkeaplju fûnen it in prima aksje, mar se sjogge yn de duorsume tassen gjin direkt alternatyf foar de goedkeape plestik pûdsjes.