Undersyk nei sûnensklachten

11 jun 2013 - 11:49
  • De Krûdebuert op It Hearrenfean
  • Isolaasje yn krûpromte fan  in wente

Wenningboukorporaasje WoonFriesland docht ûndersyk nei sûnensklachten by bewenners fan de Krûdebuert op It Hearrenfean. Guon bewenners fan 'e wyk hawwe by de gemeente en WoonFriesland klage oer pineholle, dûzelichheid en irritearre luchtwegen. Neffens de bewenners soene de problemen te krijen hawwe mei resint renovaasjewurk.

WoonFriesland hat de GGD ynskeakele om ûndersyk te dwaan, en ropt bewenners mei klachten no op om har te melden. De GGD sil dan sjen nei de mooglike oarsaken fan de klachten.

Nei it ûndersyk wurdt sjoen oft der fierder noch wat dien wurde kin om de klachten te ferhelpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)